Tonielselskip ”Noflik Tegearre”

donderdag 22 mei 2014 · Bauke

Saterdei 2 novimber wie it safier. Tonielselskip ”Noflik Tegearre” hie yn de Trieme de première mei Famylje Bruinsma yn ‘e bocht: Groeten fan ‘e Veluwe.

Sake Beerstra

Saterdei 2 novimber wie it safier. Tonielselskip ”Noflik Tegearre” hie yn de Trieme de première mei Famylje Bruinsma yn ‘e bocht: Groeten fan ‘e Veluwe. Doarsphûs “de Bazuin” wie goed fol en it  publyk koe genietsje fan in prachtig hilarisch stik. Elsenien hat goed lake om de ferskate tûkkelteammen fan de beide famyljes. In famylje fan goede komôf, dy’t bestiet út man, frou, dochter en in ynwenjende beppe. Beppe dy hat de earste priis mei in kryptogram wûn. De priis is in wike fakânsje yn in stakaravan op ‘e Veluwe.

It kampearjen is foar dizze minsken, dy yn lúkse libje, in folsleine nije wrald en hja hawwe it dan ek swier om harren oan te passen. Dit jildt net foar de famylje Bruinsma. Heit Sjef, mem Truus en soan Boris hawwe dit wol faker by de ein hân. Mei sokke tsjinstellingen kinne tûkkelteammen tusken beide famyljes dan ek net úbliuwe.

Der wurd nog op de folgende data yn de regio spyle: Freed 8 novimber yn doarpshûs “De Trije Doarpen” yn Kollumersweach. Saterdei 9 novimber yn doarpshûs “De Tredder” yn Westergeast. Freed 29 novimber yn de Old Dutch yn de Westereen. Foar mear ynformaasje sjoch ek op www.noflik-tegearre.nl

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Sake Beerstra