FNP Dongeradiel: Mear gas, mear jild

vrijdag 08 augustus 2014 · Bauke

Under it motto: mear gas, mear jild iepenet de FNP-Dongeradiel in petysje om by de regearring te bepleitsjen dat der in earliker ferdieling fan it ierdgasjild komt. Al jierren wurdt der in soad gas út de Dongeradielske grûn pompt en de gefolgen binne al sichtber troch de boaiemdelgong. Yn Grinslân wurdt al 50 jier gas wûn dat de gefolgen yn ús regio litte harren

Under it motto: mear gas, mear jild iepenet de FNP-Dongeradiel in petysje om by de regearring te bepleitsjen dat der in earliker ferdieling fan it ierdgasjild komt. Al jierren wurdt der in soad gas út de Dongeradielske grûn pompt en de gefolgen binne al sichtber troch de boaiemdelgong. Yn Grinslân wurdt al 50 jier gas wûn dat de gefolgen yn ús regio litte harren aanstens riede! De FNP hat altyd in tige krityske hâlding oannaam as it om gaswinning yn Dongeradiel giet.

No’t de gefolgen fan de gaswinning yn Grinslân sa sterk sichtber en fielber binne en no’t de need it heechst is en minister Kamp sels ôfreizget mei in ‘oplossing’ moat Dongeradiel ek op syn iepenst wêze. Dit jier wurde der wer trije nije boarrings dien en takom jier sil Ternaard op ‘e nij ûndersocht wurde. It ierdgas leveret de skatkiste in soad jild op en in fraksje fan dat jild komt mar op it plak dêr’t it wûn wurdt. Dêrom is de FNP fan betinken dat der in kompinsaasjefûns komme moat foar fersterking fan de ekonomy yn dy gebieten dêr’t it gas wûn wurdt.

De FNP-Dongeradiel iepenet dêrom in petysje op http://petities.nl/petitie/aardgasbaten-voor-de-regio, dy’t oanbean wurde sil oan it Regear. En mocht dit net helpe dan de kraan mar ticht! De petysje kin ûndertekene wurde op  http://petities.nl/petitie/aardgasbaten-voor-de-regio.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.