Kritetoaniel B?tenpost spilet ?Amateurs?
Op sneontejûn 24 novimber 2012, 20.00 oere, bringt it Kritetoaniel yn sealesintrum The Point de klucht “Amateurs” oer it fuotljocht. Yn it stik, ek spile yn it ramt fan 90 jier Fryske Krite,...
Op sneontejûn 24 novimber 2012, 20.00 oere, bringt it Kritetoaniel yn sealesintrum The Point de klucht “Amateurs” oer it fuotljocht. Yn it stik, ek spile yn it ramt fan 90 jier Fryske Krite, sjocht it publyk efter de skermen fan it toanielselskip “Fryske Krite” fiif repetysjes (kin ek seis wêze) foar de útfiering fan harren stik “Julia’s reis”.
It selskip hat besletten om it dit jier hiel oars te dwaan. Profesjoneler én in stik mei mear ynhâld. De fêste regisseur, ien fan de eigen minsken, hat plak makke foar Jos, in dosint drama dy’t de saken hiel oars oanpakt. Net elkenien kin hjir sa’t it liket likegoed mei út de fuotten. Dêrby spylje dan ek noch de relaasjes ûnderling … Wa docht it mei wa? In stik mei drama, tragyk, komeedzje en klucht .. mear smaken bin der net.
Ferkeap tagongskaarten: Hedera Bloemen Bûtenpost of jûns oan de seal, seal iepen fan 19.00 oere ôf.
foto: Efter: Amarens de Vries (Kollum) en Henk Overdijk. Foar: Anneke Nieuwenhuis, Dictus Benedictus, Bianca Wiersma, Frouke Holtrop, Greetje Klaren en Remco de Poel (Kollum).
© Foto E.J. de Haan
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.